De rop om Doede

Der is in Doede nedich

dy't gewoan in fiskje yt

sûnder bearen en begrutsjen

 

Der binne Doedes nedich

dy't rjochttroch gean

om't it harren neat skele kin

 

Der is in Doede nedich

dy't de Doedes ropt